Flaggen hingje healstôk ta de neitins fan oanslaggen Parys

16 nov 2015 - 08:59

Rûnom yn de provinsje hingje moandei de flaggen healstôk. Dit is ta de neitins fan de slachtoffers fan de oanslaggen yn Paris. Net allinnich op it provinsjehûs en gemeentehuzen hinget de flagge healstôk, ek by in soad skoallen en oare ynstellingen.

Om 12 oere is der in minút stilte. Omrop Fryslân docht hjir ek oan mei, lykas alle oare publike radio- en televyzjestjoerders. Op treinstasjons sil de NS ek stilstean by de oanslaggen. Der wurdt om 12 oere in minút lang neat omroppen.

Rykswettersteat warskôget automobilisten om de auto net op de flechtstrook stil te setten as de 1 minút stilte hâlde wolle. Dat kin gefaarlike sitewaasjes opsmite. Wa't stilstean wol om 12 oere, moat efkes in parkearplak opsykje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)