Kollum: "Jou gas, âlde pedofyl"

16 nov 2015 - 08:35
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Te midden fan al it nijs oer oanslaggen yn Parys, wie der gelokkich ek noch goed nijs. Sinteklaas kaam wer oan yn Nederlân. Foar de measte bern sil it hichtepunt fan de Sinteklaastiid pakjesjûn op 5 desimber wêze. Mar foar my wie dat dat eartiids altyd de yntocht fan Sinteklaas yn ús eigen doarp. De âld man kaam nammentlik mei de boat it haventsje fan Aldegea yn.

En op dy boat sieten de toeteraars fan it fanfarekorps út it doarp. Mega-grutsk dat ik wie as ik mei de muzyk op ‘e boat sitte mocht. Want samar ynienen waard myn dream werklikheid. Ik wie ûnderdiel fan de magy. Ik hearde by Sinteklaas en syn entoeraazje. Foar hiel efkes stie ik yn it middelpunt fan al dy oandacht. Geweldich.

Oant ik dy iene kear fan myn geloof ôfdondere. Myn Sinteklaasgeloof, wolteferstean. Ik wie in jier as tsien, alve miskien al hast wol. Ik bin hiel ‘goedgelovig’, noch altyd, dus ik wie frij let mei de ûntdekking dat Sinteklaas net bestie. It wie op in roetkâlde sneontemoarn dat wy mei ús toeterke op de boat klommen. Yn ‘e fierte hearde ik de bern op de haven al sjongen. Doe’t wy allegearre goed en wol mei de kont op it iiskâlde izer fan de Pakjesboat sieten, wie it wachtsjen noch op Sinteklaas en de Swarte Piten.

Triljend yn de skrale novimberwyn besocht ik wat beweging yn myn fentyltsjes te krijen, doe’t der in taksy oanriden kaam. Mei piepjende bannen stoppe er foar ús boat. It grynd stode wit hoe heech op. De doar fan de taksy fleach iepen en der stapte in Sinteklaas sûnder miter út. It like mar mâl, want syn eigen reade krullen wapperen yn de wyn ûnder syn prûk. Dêr achter hipten twa breed skoudere swarte piten út de auto. De mannen hiene de grutste wille. De iene pyt sloech de oare op it skouder en se hiene de gek mei Sinteklaas, dy’t krampeftich besocht syn prûk en burd wer wat op it júste plak te krijen.

Ik seach it tafriel fol ferbjustering oan. Dit wiene gewoane mannen, gjin échte Sinteklaas en swarte piten sa’t ik se koe fan telefyzje. Achterôf die bliken dat it trije mannen fan in frachtweinbedriuw wiene, dy’t troch it Sinteklaaskommitee fan Aldegea ynhierd wiene om by ús de yntocht te dwaan. Myn wifeljende Sinteklaas-geloof stie hast op omfallen, doe’t ik dizze mannen seach.

Mar it waard noch folle slimmer, doe’t Sinteklaas de boat op moast. Rinne yn in jurk is net ienfâldich foar in man, die al gau bliken. De Goedheiligman koe de stap fan de wâlkant op de boat mei gjin mooglikheid krije. Beide Swarte Piten mei grutte snorren en yntusken in swier shagje yn ‘e mûlshoeke, hiene it hast net mear. Dêr stie harren kollega te lûken oan syn wite jurk, wylst er yn ûngenede tusken wâl en skip hong. Mar gelokkich hiene de ‘makkers’ in oplossing. De iene joech de Sint in flinke oplawibus, wylst de oare rôp: ‘Jou gas, âlde pedofyl’. De Goedheiligman stroffele oer syn tabard en kwakte sa by ús it dek op. Beide piten pissen hast yn ‘e broek.

En ik? Ik hie de mûle fan ûngeloof sa fier iepen dat er my op ‘e knibbels hong. It betsjutte foar my it ein fan alle magy dy’t der om Sinteklaas hinne hong. Dêr op dy iiskâlde boat yn dy skrale novimberwyn wist ik it seker: Sinteklaas bestiet net. Doe’t ik it skokkende nijs oan myn freondintsjes fertelde, die bliken dat ik sa as altyd wer efter de feiten oanrûn. It groepke famkes seach my oan en rôp yn koar: ‘He he, wist it no einlik?!’

Noflike moandei!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)