Kramer: "Bergsma moat wer meidwaan oan ploege-efterfolging"

16 nov 2015 - 08:18

Neffens reedrider Sven Kramer is der neat oan de hân tusken him en Jorrit Bergsma. Hy reagearret dêrmei op útlittings fan bûnscoach Geert Kuiper earder. Neffens Kuiper is der by de Olympyske Spelen yn Sotsji yn 2014 wat bard tusken de twa en soenen se net goed mei mekoar oerwei kinne.

Bergsma luts him yn Sotsji ûnferwachts werom foar de finale fan de ploege-efterfolging. Kramer seit fan neat te witten en seit dat hy en Bergsma in prima bân hawwe. Wol stjoert Kramer der op oan dat Bergsma wer meidocht oan de ploege-efterfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)