Jorrit Bergsma wint sulver op de massastart yn Calgary

16 nov 2015 - 07:26

Reedrider Jorrit Bergsma hat snein sulver wûn op de massastart by de wrâldbekerwedstriid yn Calgary. Arjan Stroetinga út Waskemar waard fiifde. Bergsma besocht al betiid yn de wedstriid fuort te riden út it peloton, mar de Belch Bart Swings koe de Aldeboarnster weromhelje.

Swings wûn úteinlik it goud op de massastart. Achter Bergsma einige Reyon Kay út Nij-Seelân as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)