UNIS Flyers winne op 'e nij

15 nov 2015 - 23:11
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

UNIS Flyers hat ek de twadde wedstriid fan it wykein wûn. Yn Den Bosch fersloegen de Flyers de Red Eagles mei 8-4. De perioadestannen: 1-3, 3-2 en 0-3. Yn de twadde perioade krige de thúsploech de guit. De 3-1 efterstân waard omsetten yn in 4-3 foarsprong. Doe namen de Feanster iishockeyers it heft wer yn hannen.

Ronald Wurm en Kevin Nijland makken foar de Flyers beide trije goals, Marco Postma en Pippo Limnell elk ien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)