Doeksen lit sneltsjinst Flylân moandei ferfalle

15 nov 2015 - 16:25

De sneltsjinst fan Doeksen fart, lykas snein, moandei ek net fan en nei Flylân. De waarsomstannichheden litte dat net ta. It waait te hurd. Der wurdt in ekstra feartsjinst ynset.

Dy fart om 17.00 oere nei Flylân en om 19.00 oere nei Harns. De boaten nei Skylge farre wol gewoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)