Snits Wyt Swart ferliest yn de ekstra tiid fan VVSB

15 nov 2015 - 16:07
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits hat de wedstriid yn de topklasse yn Noordwijkerhout tsjin VVSB yn de ekstra tiid mei 2-1 ferlern. Yn de earste helte krigen beide ploegen kânsen. De grutste wie foar Snits Wyt Swart, mar Daniel Zwart fersulvere de strafskop net. VVSB-keeper Van der Meer koe de ynset keare. Yn de twadde helte kaam de thúsploech yn de 64e minút op foarsprong troch Tommy Bekooij. Trije minuten letter lei de bal wer op de strafskopstip foar de goal fan VVSB. Erolind Derguti soarge doe foar de 1-1. Yn de ekstra tiid foel de 2-1.

By Snits Wyt Swart wie keeper Kevin van der Meulen geweldich op dreef, mar hy koe de lette goal yn de 92e minút fan Frank van Niel net foarkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)