Nije spoartunnel yn Wolvegea makket mear treinen mooglik

15 nov 2015 - 16:15

Yn Wolvegea wurdt moandeitemoarn de nije spoartunnel Om Den Noort offisjeel iepene. Troch meifallers by de bou is dat earder as tocht. De spoartunnel is nedich om útwreiding fan it treinferkear mooglik te meitsjen. De kommende jierren wreidet dat út fan twa nei fjouwer treinen yn de oere. Oer it folsleine trajekt fan Zwolle nei Ljouwert moatte ûnfeilige krusings oanpakt wurde.

Foar de berikberheid fan Wolvegea is it in opstekker. Benammen ferkear nei it achterlizzende yndustryterrein kin makliker en feiliger trochride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)