Kuiper wol Jorrit Bergsma wer yn efterfolgingsploech hawwe

15 nov 2015 - 11:25
  • Jorrit Bergsma (argyffoto)

Bûnscoach Geert Kuiper wol mei reedrider Jorrit Bergsma prate. Hy wol de Boarnster graach werom ha yn de efterfolgingsploech. Dat seit de bûnscoach by de NOS. De efterfolgingsploech hat sneon min prestearre op de wrâldbeker. Arjan Stroetinga foel en doe is de ploech ophâlden.

Jorrit Bergsma hat sûnt de Olympyske Spelen yn Sotsji net mear meidien yn de ploech nei in pear ynsidinten tusken Bergsma en de oare riders. Ek Sven Kramer en Bergsma soene net goed mei mekoar oerwei kinne. Kuiper wol dat de mannen dat as folwoeksenen oplosse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)