Leenstra, De Jong en Joling winne ploege-efterfolging

15 nov 2015 - 00:24

Marrit Leenstra, Antoinette de Jong en Marije Joling ha de ploege-efterfolging yn Calgary wûn. It team Nederlân bleau by de earste wrâldbekerwedstriid Japan en Ruslân krekt foar. De tiid fan Nederlân 2.56.11 op de rappe baan yn Kanada wie krekt gjin wrâld- en Nederlânsk rekôr.

By de manlju fan Nederlân gong it op 'e kop ferkeard. Arjan Stroetinga foel yn it begjin fan de race en doe koene Douwe de Vries en Jan Blokhuijsen ek nei de kant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)