Follybalsters Snits pakke winst nei Europeesk ferlies

14 nov 2015 - 21:47
  • De winst is binnen

De follybalsters fan Snits koene woansdeitejûn wol troch de sporthalflier sakje nei it Europeeske ferlies tsjin Gent. Sneontejûn krige it team fan coach Petra Groenland wer kleur op 'e wangen. Oskam Taurus út Houten waard mei 3-1 ferslein. De setstannen 25-15, 17-25, 25-19 en 25-15. It is de fiifde winst foar de koprinner yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)