Sandor van der Heide ferlit Cambuur foar IJsselmeervogels

14 nov 2015 - 18:22

Sandor van der Heide hâldt op by SC Cambuur en wurdt trainer fan topklasser IJsselmeervogels. De assistint-trainer fan Henk de Jong waard ôfrûne wike oan de kant setten troch it bestjoer fan de Ljouwerter earedivyzje klup. Hy waard net ûntslein by Cambuur, mar koe oan de slach yn it skoutings- en analyzeteam. By IJsselmeervogels waard haadtrainer Frans Adelaar ferline wike ûntslein. Van der Heide sil syn plak ynnimme.

IJsselmeervogels stiet op dit stuit achtste mei 15 punten út 12 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)