Harkemase Boys spilet lyk tsjin AZSV Aalten

14 nov 2015 - 16:36

Koprinner Harkemase Boys rûn sneon tsjin it earste lykspul fan it seizoen oan. De Harkiten spilen mei 1-1 lyk by de nûmer twa AZSV. Yn Aalten waard in betide iepeningstreffer fan Klaas Schotanus ôfkard. Ek in doelpunt fan AZSV gie net troch. Yn de twadde helte tekene Oebele Schokker yn de 68e minút dan dochs foar de 1-0. Lang koe der net geniete wurde, want fiif minuten letter wie de 1-1 in feit. Yn in spannende slotfaze slagge de ploech fan trainer Jan Vlap der net yn de winnende treffer te meitsjen.

It is it earste lykspul foar de Harkiten, dy't no 25 punten út 10 wedstriden hawwe.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal AZSV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)