Feilichheidsregio: Ferskerpe tafersjoch by AZC's yn Fryslân

14 nov 2015 - 14:36

Foarsitter fan de Feilichheidsregio Fryslân, Ferd Crone, seit dat der ek yn Fryslân ferskerpe tafersjoch is by AZC's. De ekstra maatregels wurde naam om better yn de gaten te hâlden wat der yn AZC's spilet, nei oanlieding fan de oanslagen yn Parys.

Der sil noch yntinsiver oplet wurde as normaal. Fan permaninte bewaking by AZC's is lykwols gjin sprake, neffens Crone. Oer de ekstra feilichheidsmaatregels stiet hy yn nau kontakt mei Den Haach. Crone beneidrukt dat eangst foar AZC's yn gjin gefal nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)