Plysje hâldt man út Sint Anne oan foar mishanneling

14 nov 2015 - 13:58

De plysje hat freedtemiddei in 25-jierrige man út Sint Anne oanhâlden foar mishanneling fan in man út Ljouwert. It 29-jierrige slachtoffer rûn mei syn frou en bern oer de Archipelwei yn Ljouwert. In ûnbekende fytser soe it selskip gjin foarrang ferliend ha. De man út Ljouwert woe de fytser dêrop oansprekke, mar dy fytste fuort.

Doe't de man wer nei syn frou en bern rûn, stoppe der in auto neist him. De bestjoerder fan de auto soe it slachtoffer mishannele ha.

De plysje koe letter de bestjoerder út Sint Anne oanhâlde op fertinking fan mishanneling. De fertochte moat noch heard wurde troch de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)