Nij Smellinghe en Tjongerschans by bêste sikehuzen Nederlân

14 nov 2015 - 09:42

Fryske sikehuzen skoare heech yn de Top 100 fan it AD. Sikehûs Nij Smellinghe is útroppen ta tredde sikehûs fan it lân. Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean stiet op it fjirde plak.

Beide sikehuzen binne stiigd yn de jierlikse list. Nij Smellinghe stie foarich jier op plak 32 en Tjongerschans komst sels fan plak 79. De sikehuzen jouwe oan mear yn te setten op in goede registraasje, en dat docht dus fertuten.

De Fryske sikehuzen jouwe oan ek ynhâldlik de soarch te ferbetterjen. Kanttekening by it ûndersyk is dat de ûnderwerpen yn de enkête bepalend binne foar hoe goed in sikehûs skoart.

Yn de list stean noch twa Fryske sikehuzen. It MCL yn Ljouwert stiet op plak 27. It Antonius sikehûs yn Snits stiet op plak 56.

Top 100 sikehuzen fan it AD

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)