Sven Kramer bliuwt baas op 5000 meter, Jorrit Bergsma twads

13 nov 2015 - 23:59

Sven Kramer bliuwt de baas op de 5000 meter. Fjirtjin dagen lyn yn Enschede wie Jorrit Bergsma noch de bêste, yn Calgary by de earste wrâldbekerwedstriid sette Sven yn de lêste rit de winnende 6.08.61 del. Jorrit Bergsma waard mei 6.10.44 twadde. Ted-Jan Bloemen, no Kanadees, waard mei in moai pr fan 6.12.72 tredde. Douwe de Vries waard sechsde yn 6.17.16.

Fan in oanfal op it wrâldrekôr op de 5 km fan Sven Kramer - 6.03.32 yn 2007 yn novimber yn Calgary - kaam neat op 'e hispel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)