Yvonne Nauta begjint stroef oan it wrâldbekerseizoen

13 nov 2015 - 21:23
  • Yvonne Nauta

Yvonne Nauta hat op de 3000 meter by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Calgary in teloarstellend alfde plak helle. De reedrydster fan Twellingea klokte 4.03.77. De winst gong nei de Tsjechise Martina Sábliková yn 3.57.21. Irene Schouten út de ploech fan Jillert Anema waard hiel moai twadde mei in persoanlik rekôr fan 3.58.39. Natalya Voronina fan Ruslân waard tredde yn 3.58.78. Jorien Voorhuis waard fjirde, Annouk van der Weijden fiifde en Marije Joling sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)