Bou fan nije rûnwei by Akkrum úteinset

13 nov 2015 - 16:58

In sintrum sûnder in soad frachtferkear: dat is de bedoeling fan in nije rûnwei yn Akkrum. Freed sette de gemeente offisjeel útein mei de bou fan de nije dyk en brêge. En dat is goed nijs foar de middenstanners.

De plannen kostje sa'n 4,8 miljoen euro. De rûnwei moat frachtferkear bûten it sintrum hâlde. Der ride noch in soad frachtweinen en trekkers troch de smelle strjitsjes. Benammen ûndernimmers hawwe der lêst fan. Troch de trillingen fan it ferkear kamen der skuorren yn de muorren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)