Ynwenners Slappeterp wurkje gear yn enerzjykoöperaasje

13 nov 2015 - 16:25

Wolle jo graach sinnepanielen, mar is it dak fan de wenning net geskikt? Foar de ynwenners fan Slappeterp en de omlizzende doarpen is dêr no in oplossing foar: it plan fan de nije enerzjykoöperaasje EKON. Dizze troch ynwenners oprjochte koöperaasje hiert it dak op de loads fan in grutte boer yn de omjouwing om dêr sinnepanielen op te lizzen.

It giet om de loadsen fan ierappelboer Fokke Fokkema út Slappeterp. Dêr lizze no noch asbestplaten op. Dy wurde yn desimber fuorthelle. Takom jier moatte der 1.200 sinnepanielen op lizze.

Belangstellenden kinne dêr trije of mear fan keapje foar eigen gebrûk. De enerzjykoöperaasje giet der fan út dat sa'n 100 húshâldens oan it plan meidwaan kinne.

It is yn earste ynstânsje bedoeld foar de ynwenners fan omlizzende doarpen as Skingen-Slappeterp, Dronryp en Menaam. Mar ek oaren kinne der oan meidwaan. As it plan oanslacht, wurdt tocht oan fierdere útwreiding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)