Psy-Fi festival komt net werom nei Ljouwert

13 nov 2015 - 15:17
  • It Psy-Fi festival fan 2015

It dancefestival Psy-Fi komt net werom nei Ljouwert. De gemeente hat okkerdeis strangere regels oankundige, en dêr kin de festivalorganisaasje him net yn fine. Op guon nachten moat de muzyk om alve oere al sêfter set wurde, seit Rob Durant fan de organisaasje. "En dan begint het voor ons net. Voor onze bezoekers is de nachtelijke beleving erg belangrijk."

De organisaasje hat ferskate oare lokaasjes op it each. Dy lizze allegearre bûten Fryslân. "Het is heel erg jammer," seit Durant, "en we begrijpen het ook niet zo goed. Over de nachtelijke periode zijn bij ons geen klachten binnengekomen. Waarom dan de regels aanscherpen?"

Durant hâldt ek syn hert fêst foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. "Als ze ons festival niet eens kunnen huisvesten, wat op alle mogelijke manieren voldoet aan de doelstellingen van Culturele Hoofdstad, vraag ik me af waar het heen moet."

It Psy-Fi festival wie de ôfrûne twa jier yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert. Dit jier kamen der 15.000 besikers út tachtich lannen op ôf.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)