ING Ljouwert rekket 60 banen kwyt

13 nov 2015 - 12:15

It kantoar fan de ING yn Ljouwert rekket 60 banen kwyt. Fan de banen dy't bliuwe, wurde der lylwols mear fêst. Dat hat de ING bekend makke.

It oantal fêste banen giet omheech mei 177. Dat is it resultaat fan in koerswiziging by de bank. De ING wol in bettere ferdieling tusken fêste en tydlike meiwurkers. No is dat noch 30% fêst en 70% fleksibel. Dat moat yn de takomst 80% fêst en 20% fleksibel wurde.

By de ING-fêstiging oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert komt it lanlike kontaktsintrum foar de klanten.

De measte meiwurkers by de ING yn Ljouwert moatte by de reorganisaasje op 'e nij sollisitearje. Ek flekswurkers fan de fêstigings yn Grins, Arnhem en Amsterdam kinne dat dwaan. It oantal banen dat yn Ljouwert oerbliuwt is 959.

Trefwurden: 
ING banen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)