IND praat mei flechtlingen Ljouwert oer opfangproseduere

13 nov 2015 - 10:58

De ymmigraasjetsjinst IND is sûnt freedtemoarn 10 oere yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Dêr hâlde se petearen mei flechtlingen oer de gong fan saken.

Tongersdei protestearden acht flechtlingen tsjin it feit dat se noch hieltyd gjin ynformaasje hawwe oer wat harren te wachtsjen stiet yn Nederlân. De grutste klacht is dat se noch hieltyd net registrearre binne.

De IND sil de flechtlingen freedtemoarn byprate oer de prosedueres en wannear't se mear te hearen krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)