Farvebedriuw út Terwispel winner Oranje Handelsmissiefonds

12 nov 2015 - 22:55

It bedriuw Anker Stuy út Terwispel is tongersdei ien fan de tsien winners wurden fan it Oranje Handelsmissiefonds. It fûns helpt ûndernimmers om yn it bûtenlân hannel te driuwen. Anker Stuy hannelet yn ferveprodukten. Under oaren yn ferve dy't op de dyk oanbrocht wurdt en ljocht jout.

De tsien bedriuwen binne selektearre út in totaal fan 400 ynstjoerings op basis fan idee, ambysje en motivaasje om suksesfol te wêzen yn it bûtenlân. De priisútrikking wie by de KLM op Schiphol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)