Cambuuroanfierder Overgoor hat skuorke yn syn knibbel

12 nov 2015 - 22:17

Noch mear blessuereproblemen foar SC Cambuur. Oanfierder Sjoerd Overgoor hat in skuorke yn de bûtenbân fan syn knibbel, sa docht tongersdei bliken út in MRI-scan. De middenfjilder hie al langer lêst fan syn knibbel.

It is neffens de Ljouwerter fuotbalklup noch net dúdlik oft Overgoor wedstriden misse moat. It earstfolgjende duel fan Cambuur is oer oardel wike, út tsjin Ajax.

De ôfrune wiken ûntbrutsen ûnder oaren Kai Heerings, Vytas Andriuskevicius, Marlon Pereira, Calvin Mac-Intosch en Bartholomew Ogbeche ek al mei blessueres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)