Sint Michaëlskoalle yn Harns mei ferbouwe

12 nov 2015 - 19:54

De Sint Michaëlskoalle yn Harns mei ferbouwe en kin der aanst wer 20 jier tsjinoan. Dat seit direkteur Tineke Geertsma. Al seis jier is de skoalle dwaande mei it útwreidzjen fan harren lokaasje. Woansdei krige de skoalle lang om let grien ljocht fan de gemeenteried fan Harns om mei de ferbou útein te setten.

De Sint Michaëlskoalle is in grutte skoalle yn it sintrum fan Harns mei sa'n 350 bern en hat dêrom twa lokaasjes. Ien dêrfan wurdt no yn 'e kommende tiid ferboud.

Alle ferhuzings nei needlokaasjes binne dêrmei ferline tiid. De skoalle hopet dat de ferbou yn septimber 2016 klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)