Fryske ûndernimmers belizze yn Roemeenske lânbougrûn

12 nov 2015 - 19:05

In groep Fryske ûndernimmers siket minsken dy't ynvestearje wolle yn lânbougrûn yn Roemenië. De groep mei de namme 'Frisian Investors' is sels al sân jier yn Roemenië aktyf en tinkt dat dêr grutte kânsen lizze.

Dêrom sette se in nij fûns op om ek oaren de mooglikheid te bieden yn Roemeenske grûn te belizzen. Sels ha se al 1800 bunder lân yn besit.

Neffens ûndernimmer Fokke Fokkema wurde dy foar twa tredde ferhierd oan Roemeenske boeren. Ien tredde wurdt brûkt foar eigen lânbou-aktiviteiten.

De groep siket belizzers dy't minimaal foar 50.000 euro dielnimme wolle yn in ynvestearringsfûns. Foar minsken dy't ynteresse hawwe is der tongersdeitejûn in presintaasje yn hotel Van der Valk yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)