Philips-direkteur Rob Karsemakers krijt CdK-penning

12 nov 2015 - 17:13
  • Philips

De direkteur fan Philips Drachten hat by syn ôfskied de CdK-penning krigen. Dy penning is foar minsken dy't har fertsjinstlik makke ha foar Fryslân. Rob Karsemakers hat seis jier lang oan it roer stien fan it fabryk yn Drachten. Under syn lieding hat Philips Drachten him ûntwikkele ta it op ien nei bêste fabryk fan Europa.

Karsemakers wie fierder ek geregeldwei dwaande mei aktiviteiten om de Fryske ekonomy te promoatsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)