Omrop TIP: Keunst en kultuer ûntdekke yn 'Ik bin benijd!'

15 nov 2015 - 09:48
  • Ielrykje yn Ik bin benijd!
  • Ik bin benijd!

Sân Friezen op ‘en paad troch de provinsje om Fryske keunst en kultuer te ûntdekken. Wêr’t sy hinne geane? Dat is hieltyd wer in ferrassing. En wat fine sy fan dat alles? Dat is fan moandei 16 novimber ôf te sjen yn ‘Ik bin benijd!’ op Omrop Fryslân Televyzje.

Yn it programma Ik bin benijd! geane Wopkje, Hielkje, Klaas, Jikke en Roelof en de bruorren Gerard en Hans op ‘en paad troch Fryslân. De panelleden bringe in besite oan de moaiste museums, lokaasjes en eveneminten. En wannear’t it even kin, dogge sy ek aktyf mei oan in aktiviteit.

Oan it begjin fan elke ôflevering krije de panelleden in kryptyske omskriuwing fan de lokaasje dêr’t sy hinne geane. Harkers fan it radioprogramma ‘De middei fan Fryslân’ kinne meiride en sa in priis winne.

'Ik bin benijd!' is fan moandei ôf alle wurkdagen om 17.45 oere op Omrop Fryslân Televyzje. De útstjoering wurdt fan 18.55 oere ôf alle oeren werhelle. Op snein wurde alle útstjoerings fan de ôfrûne wike efterinoar útstjoerd om 17.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)