Frachtskip Con Zelo bedarret op sânbank foar Harnzer haven

12 nov 2015 - 16:09

It 110 meter lange frachtskip Con Zelo dat tongersdeitemiddei fêstrûn op in sânbank foar de haven fan Harns is tongersdeitejûn flotlutsen troch rêdingsboat Hurricane fan Rederij Noordgat.

It frachtskip wie laden mei sâlt en kaam fêst te sitten yn de fargeul fan de Boontjes. Tongersdeitemiddei waard ek al besocht om it skip los te krijen, mar dat slagge net troch it lege wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)