Skeel oer Stasjonsbrêge Frjentsjer is út 'e wrâld

12 nov 2015 - 15:42

It wurk oan de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer sil lang om let los. De brêge soe yn juny al ferfongen wurde, mar troch in skeel tusken provinsje en oannimmer wurdt dat takom jannewaris.

De help fan in ekstern buro is ynroppen om ta in oplossing foar it skeel te kommen. Dêrby is ek regele dat beide partijen de helte fan de oprûne kosten betelje sille.

De Stasjonsbrêge is sechtich jier âld. De nije brêge wurdt breder, sadat der gruttere skippen trochhinne kinne. Doel is dat it wurk oktober takom jier klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)