Airbag-dieven aktyf yn Boalsert

12 nov 2015 - 14:53

De plysje yn Boalsert ûndersiket de stellerij fan airbags út seis auto's oan de Altenburg. It giet neffens de plysje benammen om auto's fan it merk Volkswagen en Seat.

De auto's binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei iepenbrutsen. Earder dizze wike warskôge de plysje foar mobile binden dy't it de lêste wiken foarsjoen ha op airbags en navigaasjesystemen út auto's fan it Volkswagen-konsern.

Trefwurden: 
stellerij airbags Boalsert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)