Nije metoade foar it bestriden fan túch: hjit wetter

12 nov 2015 - 14:37
  • In masine foar it bestriden fan túch
  • Close-up fan it apparaat dêr't it hjitte wetter útkomt

Túch bestride mei gemyske middels mei ein takom jier net mear. Mar 80 prosint fan de gemeenten docht dat op it stuit noch wol hieltyd. Tiid dus foar alternativen. Offalsammelbedriuw Omrin tinkt in goede metoade fûn te hawwen om it túch tenei te bestriden: hjit wetter.

It ôffalbedriuw hat der al in pear suksesfolle proeven op sitten en liet de metoade tongersdei oan de bûtenwrâld sjen. De gemeente Ljouwert brûkt dizze metoade al en is tefreden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)