Seksjebestjoer maraton KNSB tsjinnet ûntslach yn

12 nov 2015 - 13:59

It seksjebestjoer maraton fan de KNSB hat syn ûntslach yntsjinne. Dat meldt Schaatsen.nl. Under de bestjoersleden is ek Herman Kramer fan Stiens. Hy wie sûnt dizze simmer foarsitter.

Oarsaak fan it ûntslach is in ferskil fan ynsjoch yn it bestjoer oer de takomst fan it maratonriden. De KNSB besiket op koarte termyn mei in nij bestjoer te kommen. Oant dy tiid nimt in kommisje de taak oer. Willem Hut fan Waskemar is ien fan de leden fan de kommisje.

Trefwurden: 
KNSB maraton reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)