Fryske poatbekappers ha it drok mei 5000 kij yn Grikelân

12 nov 2015 - 13:54

Grykske kij wurde dizze dagen bekappe troch minsken fan AB Vakwerk. Grykske boeren dogge net folle oan poatfersoarging en it doel is dan ek om se te learen dat poatfersoarging goed is foar de kij en mei soarget foar in hegere molke-opbringst.

Yn tsien wike tiid moatte der in lytse 5000 kij ûnder hannen nommen wurde. Neffens AB betsjut dit dat de meiwurkers flink oanpoatsje moatte. It earste team is yn septimber nei Grikelân gien en ein novimber moat it wurk klear wêze. Se moatte by 23 bedriuwen del om alle kij te bekapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)