Flechtlingen Ljouwert protestearje en sliepe bûten

12 nov 2015 - 16:40
  • De flechtlingen dy't woansdeitenacht út protest bûten sliept hawwe

In ploechje fan fiif flechtlingen hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei út protest bûten op strjitte sliept yn stee fan yn de needopfang yn it WTC-Expo. Se hawwe harren nocht fan de ûnwissens oer harren takomst en wolle witte wêr't se oan ta binne.

In groep flechtlingen hat oankundige tongersdei mei sa'n 100 persoanen de stêd yn te gean om omtinken te freegjen foar harren situaasje.

It COA lit witte gjin antwurden te hawwen foar de flechtlingen. Tongersdei komt it IND om útlis te jaan oer de flechtlinge-proseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)