Europarlemintariër wol lânboukommisje EP nei Fryslân helje

12 nov 2015 - 11:55

Op inisjatyf fan VVD-Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea, komt de lânboukommisje fan it Europeesk parlemint yn maart kommend jier nei Nederlân. Huitema wol de leden fan de kommisje sjen litte hoe goed de Nederlânske lân- en túnbou it docht, benammen op it mêd fan ynnovaasje, miljeu en duorsumens.

Dochs rinne in soad lânbou-ûndernimmers yn de praktyk tsjin ûnberette regels oan. De besite is ek bedoeld om de parlemintariërs op dizze regels te wizen.

It programma leit noch net fêst, mar Huitema jout oan dat hy de kommisje ek graach nei Fryslân helje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)