Direksje tinkt dat Drachtster diskoteken gau wer iepengean

12 nov 2015 - 10:49

De direksje fan de Drachtster diskoteken Feu en Champino ferwachtet de beide hoarekasaken op koarte termyn wer te iepenjen. De gemeente Smellingerlân hat de diskoteken woansdei per direkt sluten om't der twivels binne oer de yntegriteit fan de nije eigener.

Neffens de direksje hat de gemeente net goed hannele om't it beslút naam is wylst der noch in beswierproseduere rûn. De direksje jout oan hieltyd meiwurke te hawwen en werkent de motivearring fan de gemeente dan ek net.

De arguminten fan de gemeente doge neffens harren net en sille wjerlein wurde. Neffens de direksje ha se dêr oant no ta gjin gelegenheid foar krigen. Se wize noch op de 50-jierrige histoarje fan de hoarekasaken en dat der yn dy tiid nea grutte problemen west binne.

Der wurkje 40 minsken by Feu en Champino.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)