Follybalsters Snits ha neat yn te bringen tsjin Gent

11 nov 2015 - 21:13
  • De froulju van Snits giene mei 3-0 ûnderút tsjin Gent

De follybalsters fan Snits ha woansdeitejûn in geweldich pak op 'e hûd hân. Yn de Snitser sporthal wûn it Belgyske VDK Gent mei 3-0. Fjirtjin dagen lyn wie Snits yn België noch mei 3-1 te sterk. It team fan coach Petra Groenland is no útskeakele yn de CEV Cup, mar mei fierder yn de Challenge Cup. Snits ferlear de earste twa sets kânsleas mei 25-13 en 25-14. De tredde set wie spannend mei û.o. Baas, Siebring en Sikkes binnen de linen. Dochs gong ek dy set mei 25-22 nei Gent. De beslissende 'gouden set' wie mei 15-10 foar Gent.

Yn de Challenge Cup is it Russyske Odintsovo de earste tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)