Provinsjale steaten is ferdield oer ferleging fan opsinten

11 nov 2015 - 20:13

Fjouwer partijen yn provinsjale steaten ha woansdei tsjin de begrutting foar de kommende fjouwer jier stimd. PvdA, PVV, Grien Links en ChristenUnie koene har net fine yn de finansjele ûnderbouwing fan it kolleezje fan deputearre steaten. Foaral de PvdA kaam mei krityk, se fine it ferleegjen fan de opsinten (de wegebelesting) mei 80 miljoen euro net ferantwurde. It soarget derfoar dat der jierliks in tekoart fan 20 miljoen euro is, seit PvdA-steatelid Hetty Janssen.

Se is benaud dat de provinsje oer fjouwer jier ekstra besunigje moat troch de belestingferleging. Deputearre Sander de Rouwe is it net mei de PvdA iens. Omdat Fryslân ryk wurden is fan de ferkeap fan de Nuon-oandielen, hat elke Fries rjocht op in ferleging fan de opsintebelesting neffens De Rouwe. It ferleegjen fan de opsinten wie in ferkiezingsbelofte fan it CDA. De oare partijen yn it kolleezje fan deputearre steaten, VVD, FNP en SP, ha harren dêroan konformearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)