FIDEO: De reaksjes op it ûntslach fan Sandor van der Heide

11 nov 2015 - 17:22

By Cambuur begrypt hast net ien it beslút fan de direksje om assistent-trainer en klupikoan Sandor van der Heide dien te jaan. Trainer Henk de Jong, spilers en supporters binne ferbjustere. Se sprekke fan in persoanlik drama dat hopelik gjin negative gefolgen hawwe sil foar de sportieve prestaasjes. Dit wykein moat der dúdlikhied komme oer de opfolging, fine se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)