Teater Romein betellet de rekkens noch net

11 nov 2015 - 16:48

Teater Romein betellet syn iepensteande rekkens net foar de krystdagen. Dat seit advokaat Kamijn dy't giet oer de likwidaasje fan teater Romein. In tal bedriuwen wachtet al moannen op it jild. Guon bedriuwen binne benaud dat se gjin sint sjen sille fan Romein.

It advokatekantoar hat mear tiid nedich om de krediteurelist kompleet te krijen. As dy list kompleet is, kin elkenien betelle wurde, sa seit Kalmijn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)