Omrop TIP: Jan Huitema, boer en Europarlemintariër

14 nov 2015 - 07:10
  • Europarlemintariër Jan Huitema

Troch de wike fergaderet hy yn Brussel en Straatsburg, mar yn it wykein melkt er gewoan syn kij yn it Fryske Makkingea. De jonge Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD makket him yn it Europeesk Parlemint sterk foar in nije lânboupolityk, mei minder subsydzjes en minder regels. Fryslân DOK folge Huitema yn Fryslân en yn it hert fan Europa.

Tûk buorkje

Huitema pleitet foar ‘smart farming’, of om it yn it Frysk te sizzen: tûk buorkje. Presyzjelânbou mei help fan drones, digitale kaarten en sensoaren moat de lânbou duorsumer én rendabeler meitsje. It eigen famyljebedriuw en de Dairy Campus by Ljouwert binne dêrby wichtige boarnen fan ynspiraasje foar Huitema.

Mar de tsjinkrêften binne foars want net elkenien dielt Huitema syn fyzje. Lânboufernijers hawwe lêst fan Europeeske en nasjonale regels dy’t ynnovaasje blokkearje. Yn septimber demonstrearren tûzenen lilke boeren yn Brussel út protest tsjin de lege prizen foar harren produkten. De boeren easkje finansjele stipe fan de Europeeske kommisje en oefenje dan ek maksimale druk út op de polityk.

De dokumintêre oer Jan Huitema is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)