Djoerste skilderij Fries Museum no te sjen

11 nov 2015 - 15:30
  • It skilderij The Entrance to a Roman Theatre (1866)

Yn it Fries Museum is fan 21 novimber ôf it djoerste skilderij te sjen dat it museum ea oanskaft hat. It giet om 'Entrance to a Roman Theatre' út 1866 fan de Fryske skilder sir Lawrence Alma-Tadema. It koste 1,8 miljoen dollar. It topstik wurdt sjoen as ien fan de belangrykste wurken fan Tadema. It soarge foar syn ynternasjonale trochbraak.

Alma-Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp en wenne en wurke letter yn Londen. Yn 2016 organisearret it Fries Museum in ynternasjonale tentoanstelling oer Alma-Tadema.

It museum wie al yn it besit fan de grutste Alma-Tadema kolleksje fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)