'Jongere' modellen socht foar promoasje sikehûs Tjongerskâns

11 nov 2015 - 14:41

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean is op syk nei modellen fan tusken de 25 en 45 jier. Op dit stuit hat it sikehûs allinnich in soad byldmateriaal mei wat âldere minsken derop. Foar de diversiteit, wolle se no ek wat mear jongere modellen. Se binne dêrom op syk nei jonge minsken dy't frijwillich op de foto wolle as pasjint, ferpleger of dokter.

De Tjongerskâns sil yn desimber in fotoshoot hâlde. Oant en mei 20 novimber kinne minsken harren opjaan fia de kommunikaasje-ôfdieling fan it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)