Swier fertutearze entrepotgebou Harns krijt opknapbeurt

11 nov 2015 - 12:07

It is swier fertutearze en it falt sa'n bytsje útinoar: it entrepotgebou yn de Willemshaven yn Harns. De gemeente Harns wol it no opknappe. De gevels wurde oanpakt, der komt in nij dak op en de flier wurdt ophege.

It entrepotgebou moat yn de takomst in rol krije as ûntfangstromte foar minsken dy't mei in cruiseskip nei de havenstêd komme. De restauraasje moat ein maart klear wêze.

Entrepot

In entrepot is in ekonomyske dûaneregeling. It wurd entrepot komt út it Frânsk en betsjut fersegele opslachplak. Dit is meastentiids in loads of pakhûs. Guod dat út it bûtenlân komt, wurdt hjir ûnder tafersjoch fan de dûane opslein oant dúdlik is wêr't it hinne giet. De lading is 'entre' of tusken werkomst en bestimming.

Salang't it guod yn in entrepot opslein is, hoege der noch gjin ynfierrjochten oer betelle te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)