"Fryslân moat in eigen dichter krije"

11 nov 2015 - 11:22

Der moat in 'Dichter fan Fryslân' komme. Dat fynt de PvdA yn Provinsjale Steaten. De partij stelt dat der al stedsdichters en in 'Dichter des Vaderlands' binne en wol dat de provinsje ek in spesjale dichter beneamt. Dy soe it belang fan poëzy yn Fryslân ûnder de oandacht bringe kinne.

De PvdA stelt foar om in twajierlikse ferkiezing te hâlden foar de 'Dichter fan Fryslân'. Nei in foarseleksje kinne alle Friezen stimme op harren favorite dichter.

Neffens wurdfierder Hetty Janssen is de provinsje jierliks mar 2500 euro kwyt oan in provinsjale dichter. It kolleezje fan CDA, VVD, FNP en SP hat noch net reagearre op it fersyk fan de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)