Wiebo de Vries folget Anja Haga op as fraksjefoarsitter CU

11 nov 2015 - 10:49

Wiebo de Vries is de nije fraksjefoarsitter foar de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. De 46-jierrige De Vries folget Anja Haga op. Haga (38) bliuwt foarearst wol oan as steatelid, mar komt yn de beneaming wethâlder fan de gemeente Arnhem te wurden. Se sil dan út de Fryske steaten ferdwine.

Wiebo de Vries sit sûnt 2011 yn de steaten foar de ChristenUnie. Hy kaam yn byld foar de partij doe't er as foarsitter fan de stichting "Behoud Buitengebied Donkerbroek-West" in soad kontakt hie mei Piet Adema, de ChristenUnie-deputearre fan doe.

Dat wie by de oanlis fan de N381, de dyk fan Drachten nei de grins fan Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)