Biologyske boeren binne lilk op supermerken

11 nov 2015 - 09:36

Biologyske boeren driigje yn de problemen te kommen troch nije regels fan de supermerken. Dy wolle aanst gjin gewaaksen mear keapje dy't yn de lêste seis moanne foar de rispinge bedonge binne mei ûnbewurke dong. De boeren moatte dus oer op keunstdong, mar foar biologyske boeren is dat in probleem om't keunstdong gjin natuerlik produkt is.

De boeren binne lilk op de supermerken om't dy iensidich mei dizze maatregel komme. Se wolle no mei de supermerken oerlizze om de maatregel fan tafel te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)