Wat moat neffens jo de nasjonale fûgel wurde?

11 nov 2015 - 08:20
  • Ljip

De Fûgelbeskerming en it radioprogramma Vroege Vogels wolle dat Nederlân in nasjonale fûgel krijt. Hast alle lannen hawwe sa'n nasjonale fûgel, mar Nederlân net. Fia de site fan Vogelbescherming Nederland kinne minsken stimme op de tsien fûgels dy't it faakst foardroegen binne.

Woansdei is de lêste dei dat der stimd wurde kin. De útslach wurdt snein bekend makke yn it radioprogramma Vroege Vogels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)